|
Article on other languages:
|
Afganistan (Pasjtû, Perzysk: افغانستان), offisjeel de Islamityske Republyk Afganistan is in lân mei likernôch 29 miljoen ynwenners yn Sintraal-Aazje. De haadstêd is Kaboel en de presidint fan de republyk is sûnt 2004 Hamid Karzai.
SkiednisUt prehistoarysk ûndersyk troch de Amearikaanske Universiteit fan Pennsylvania, it Smithsonian ynstituut docht bliken dat de minsk 50.000 jier lyn al yn Afganistan wie. Sûnt de klassike âldheid hie Afganistan te krijen mei oanfallen fan oare folken, lykas de Perzen, Arabieren, Turken en Mongoalen. De Afgaanske stammen ferienen harren yn 'e 18e ieu ûnder ien autoriteit. Nei de tredde Afgaansk-Ingelske oarloch, fan 1919, waard Afganistan in eigen steat. Yn 2001 wie der in ynvaazje fan de Feriene Steaten yn Afganistan. Direkte oanlieding wie in terroristyske oanslach troch Al Kaida op it World Trade Center yn New York. De lieder fan Al Kaida, Osama bin Laden, waard net oppakt, mar it wie wol de ein fan it Talibanregear yn Afganistan. Yn 2004 waard in nije grûnwet skreaun. Yn desimber 2001 karden de Feriene Naasjes it útstel fan de International Security Assistance Force (ISAF) yn Afganistan goed. Dizze troepemacht, gearstald troch de NAFO, is der om Hamid Karzai syn autoriteit oer Afganistan te befoarderjen. GeografyAfganistan wurdt begrinzge troch:
Bestjoerlike yndielingBestjoerlik is Afganistan opdield yn provinsjes (Dary velajât).
DemografyTaalYn Afganistan wurde 200 ferskate dialekten praat, en 57 ferskillende talen sprutsen. It Pasjtûns is ien fan de twa offisjele talen yn Afganistan. De oare offisjele taal, it Darysk (mei it Perzysk besibbe taal) is foar likernôch de helte fan de Afganen memmetaal. It is foar Afganistan it Lingua franca en 85% fan de Afganen behearsket dizze taal. Njonken dizze twa talen mei nasjonale erkenning binne der ek fiif minderheidstalen yn de regio's erkend. De wichtigste is it Ûzbekysk. Mar ek Turkmenysk, Belûtanysk, Paschai en Noeristany hawwe ûnder it regear fan Hamid Karzai in hegere status krigen. Mei help út Jeropa wurdt no besocht op 'e nij wurdboeken en lesmateriaal te skriuwen, yn it ramt fan it learprogram besibbe oan it weropbouwen fan Afganistan. Etnyske groepenYn Afganistan wennet in grut ferskaat fan etnyske groepen. Trochdat der yn Afghanistan oant no ta gjin systematyske folkstelling dien is, binne de oantallen basearre op in ferwachting. Yn 2006 hat it BBC-nijsagintskip, CIA- en Feriene Naasjes-ynformaasje gearfetten om in better idee te krijen fan it tal etnyske groepen. De Encyclopædia Britannica hat krekt wat oare sifers oangeande etnyske groepen yn Afganistan: Religy99% fan de befolking is Moslim: Likernôch 74-89% Sûnyt en 9-25% Sji-yt. Der binne tusken de 30,000 en 150,000 Hindûstanen en Sikhs yn de stêden Jalalabad, Kabûl, en Kandahar. Der wie oant 1979 in lytse Joadske mienskip yn Afganistan, hokker flechte is nei de Sowjet ynvaazje, en allinnich ien persoan, Zablon Simintov, wennet der no noch. Keppeling om utens
More about Afganistan: afghanistan map, afghanistan news, afghanistan blog dispatch from front in iraq line soldier war, afghanistan war, canadian troops afghanistan, 10 2001 afghanistan bin cia from ghost history invasion laden secret september soviet war, kabul afghanistan, helicopter crash afghanistan, afghanistan after inside punishment taliban virtue, |
||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.