Antoninus Pius

Article on other languages:

Buste fan Antoninus Pius

Antoninus Pius (19 septimber 867 maart 161) wie keizer fan it Romeinske Ryk fan 138 oant 161. Hy wurdt beskôge as ien fan de betûftste keizers út de Romeinske skiednis. Syn lange bewâld wie in tiidrek fan frede en wolfeart wêryn it keizerryk ta grutte bloei kaam.

Ynhâld

Opkomst

Antoninus Pius waard berne yn de Gallyske provinsjestêd Nemausus (tsjintwurdich Nîmes) yn it jier 86. Hy kaam út in foaroansteande Romeinske famylje en soe nei de dea fan Aelius Caesar op 1 jannewaris 138, de nije kandidaat wurde om keizer Hadrianus op te folgjen. Keizer Hadrianus adoptearre him op 25 febrewaris as soan. Antoninus wie doe al 52 jier âld. In betingst foar de opfolging wie lykwols dat Antoninus de 17-jierrige Markus Aurelius en de 8-jierrige Lusius Ferus as soannen adoptearje soe.

Antoninus Pius as keizer

Byld fan Antoninus Pius yn Nimes

De titel Pius hat Antoninus te tankjen oan syn loyaliteit en myldens. Krekt nei syn beneaming as keizer kaam hy yn konflikt mei de senaat. De oanlieding hjirta wie syn takenning fan de earetitel Divu (god) oan de ferstoarne keizer Hadrianus. Omdat de senaat de lêste jierren op minne foet stien hienen mei Hadrianus, ynearsten dat foarstel ôfwize woene, drige in konstitutionele krisis. Antoninus drige mei ôftrede as de Senaat syn foarstel net oanfiere soe. Under de yndrok fan dizze loyaliteit oan de foargonger en syn adoptyf heit joech de Senaat lang om let ta. Om dizze reden joech de Senaat him de titel Pius (de "Fromme").

Noch letter stelde de Senaat foar om de moanne septimber nei Antoninus Pius te ferneamen (de moanne july wie al neamd nei Julius Caesar en de moanne augustus nei keizer Gaius Julius Caesar Octavianus) fanwege syn treflik liederskip. Mar dy eare wêgere hy perfoarst.

Antoninus Pius wie lokkich troud mei Faustina (Faustina de Aldere om har te ûnterskieden fan harren dochter Faustina de Jongere dy't letter mei Markus Aurelius troude). Sy hienen fjouwer bern dêr't trije net âld fan wurde soene. Allinne syn dochter Faustina bleau yn libben. En ek de frou fan Antoninus Pias stoar rillegau, al yn it tredde jier dat er keizer wurden wie. Antoninus earde har troch de byldnis fan syn frou op in protte munten slaan te litten.

Oer it generaal is der net folle skreaun oer it tiidrek fan Antonius, omdat er sawat gjin oarloggen fierd waarden, útsein inkelde opstannen yn Noard-Brittanje. As gefolch dêrfan liet Antonius de nei him ferneamde muorre fan Antoninus bouwe op sa'n 120 km noardliker fan de muorre fan Hadrianus.

De mourre fan Antoninius

It wichtigste barren út dy tiid is wol de fiering fan de 900e jierdei fan de stêd Rome. Op grutske wize waard dat mei ferskate aktiviteiten fiere dy't plakfûnen tusken de jierren 147 en 148. It hichtepunt foel op 21 april 147. Der waarden in protte spektakels oarganisarre wêryn in soad wylde bisten meidiene wêrûnder oljefanten dy't sels as symboal foar de fiering brûkt wurde soene.

Yn 161 stoar Antoninus Pius in natuerlike dea op 74-jierrige leeftyd yn syn paleis yn Etruria. Hy waard opfolge troch de adoptyfsoannen Markus Aurelius en Lusius Aurelius Kommodus.

Histoariografy

Antoninus is de ienige fan alle Romeinske keizers dêr't it libbensferhaal oerlevere is troch ien dokumint de Augustan History, in ûnbetrouber wurk mei in protte sels optochte ferhalen. In protte details fan syn libben binne troch skiedkundigen basearre op publike fermeldings dy't oer him fûn binne.


Keppeling om utens

This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.