|
Article on other languages:
|
In god is in hypotetysk boppeminsklik wêzen dat yn ferbân brocht wurdt mei aspekten fan de wrâld. Yn it bysûnder is God, mei in haadletter, de namme brûkt foar de god fan Abraham, dêr't de namme net fan neamd wurde mei, en it is dêrmei de namme brûkt foar de god fan ûnder oaren it Joadendom en it Kristendom. Goaden yn religysIt leauwen yn goaden is algemien, mar kultueren en religys ferskille yn it tal fan goaden, de aspekten dêr't de goaden mei ferbûn binne en de ferhâlding tusken de goaden en de minsken. Yn it bysûnder hawwe monoteistyske religys mar ien god, dy't ferbûn is mei alle aspekten fan de wrâld. Oan de oare ein binne der polyteistyske religies mei ferskate oarders fan goaden. MonoteismeOanhingers fan guon religys leauwe dat der mar ien wiere god is, dy't almeast de skepper is fan de wrâld en fan de minsken. Dochs hawwe sokke religys faak oarders fan minder machtige mar al boppeminsklike wêzens, lykas ingels en duvels. De measte monoteistyske religys binne it der oer iens dat de god ivich bestiet; der is gjin begjin of ein oan de god. Foar de religys basearre op de religy fan Abraham, wurdt yn it Frysk foar de god de namme God brûkt. Foar de god fan de Islam wurdt lykwols ek Allah brûkt, de werstavering fan de Arabyske namme. Net bewiisberIt bestean fan goaden is net wittenskiplik oantoant. Dit feit kin op ferskate wizen besjoen wurde:
|
This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.