|
Article on other languages:
|
Mei Midsieuwen wurdt de perioade tusken rûchwei 500 en 1500 nei Kristus oantsjutten yn de Jeropeeske skiednis.
Begjin en ein fan de MidsieuwenOfhinklik fan de ynfalshoeke binne mear as ien begin- en eindatums te jaan foar de Midsieuwen.
De ein fan de Midsieuwen is likegoed diskutabel:
De Midsieuwen wurde faak ûnderferdield yn 3 lytsere periodes:
De iere Midsieuwen: 470-911De Wikipedy hat ek in side iere Midsieuwen. Under de iere Midsieuwen wurdt oer it algemien ferstien: de perioade fan sirka 470 oant 911; de skiednis fan Jeropa nei it yninoar stoarten fan it West-Romeinske Ryk. Soms wurdt ek de term tsjustere midsieuwen brûkt omdat, troch de gaos dy’t feroarsake waard troch in soad ynvaazjeweagen fan de lossleine folken, der net folle op skrift steld waard en ek in soad ynformaasje ferlern gie. Hjirtroch is noch in soad ‘tsjuster’ wat de krekte gong fan saken oanbelanget. Ek de algemiene efterútgong fan de befolking en libbensstandert, fergelike mei it Romeinske ferline, dy’t stadichoan einige by de konsolidaasje fan de tastân troch Karel de Grutte. Massale befolkingsstjerte
In goarre wie de pest
De Jeropeeske befolking, dy’t by it begjin fan de jiertelling om-ende-by 70 miljoen minsken telde (as fergeliking: Sina 60 miljoen), kromp yn de iere midsieuwen yn inoar ta 20-30 miljoen. Dit kaam net troch massale slachtings troch oarlochsgewelt of grutte hongersneden hoewol’t dy dochs wol in oandiel hjiryn hienen. De grutste oarsaak liket te wêzen dat de earder ûnbekende epidemyske sykten dy meibrocht waarden troch de ynfallende steppefolken, opdûkten en massaal de kop opstutsen. De befolking hie hjir foarearst gjin inkele wjerstân tsjin opboud, en it stjertepersintaazje by besmetting wie meastentiids mear as 50% (fergelykje de grutte stjerte troch sykten ûnder de Yndianen yn de tiid fan de Spaanske Conquistadores). Bekend fan kronykskriuwers út dy perioade is in gigantyske stjerte yn it Byzantynske Ryk ûnder Justinianus yn de 6e ieu. De hege Midsieuwen: 911-1250De hege Midsieuwen binne in wichtige perioade yn de skiednis fan West-Jeropa. Yn de wittenskip kaam de skolastyk op (Mei skolastyk wurdt oer it generaal de midsieuske filosofy bedoeld ). Yn dizze perioade bloeide ek it Pausdom as nea earder. Der wie in lange striid om wa’t it heechste gesach yn Jeropa krije moast: de Tsjerke of de aristokrasy. Dit wurdt de Ynvestituerstriid neamd. Yn Dútslân regeare it Saksyske hûs mei ûnder oaren Hindrik I, Otto I, en Otto III, letter it Frankyske hûs mei ûnder oaren Hindrik III en Hendrik IV. Yn Frankryk oefene Hugo Capet ynfloed út. Yn Ingelân trede Willem de Feroverder op. Nei it jier 1000 kaam der mear stabiliteit yn it midsieuske Jeropa. Oan de ynfallen fan de Wytsingen, dy’t lange tiid Jeropa teisterden, wie in ein makke. Yn Spanje waard de Reconquista ynsetten, it tebekkringen fan de Moaren út Spanje. Troch de ferbettere lânboumetoaden begûn de befolking flink ta te nimmen. In soad doarpen en stêden waarden stifte. De besteande, meastal troch de Romeinen stifte, doarpen begûnen nei it ferfal sûnt de Romeinske tiid ek wer te groeien. En ek de hannel oer lange ôfstân kaam wer op’e gleed. Sjoch bygelyks de reis fan Marco Polo nei Sina. Benammen Noard-Itaalje en it greefskip Flaanderen groeiden yn koarte tiid út ta rike gebieten. Fan 1080 ôf ûntstienen de earste universiteiten en wie der in grutte foarútgong yn keunst en arsjitektuer. Yn dizze perioade waarden de grutte Romaanske en letter Goatyske katedralen boud. Troch de tanimmende wolfeart koenen de rykste en machtichste stêden stedsrjochten ôftwinge by de aristokrasy. De lette Midsieuwen: 1250-1517Stadichoan groeide ek de sintrale macht yn it neidiel fan de lytse hearen. Der ûntwikkelen harren stadichoan sterke monargyen lykas Frankryk en Ingelân. Troch ferskillende oarloggen (lykas de Hûndertjierrige oarloch) en de pest foel yn de 14e ieu de ekonomyske groei stil. Troch de grutte stjerte kaam der in tekoart oan lânarbeiders en arbeidskrêften. Neffens guon ûndersikers wie dit in sterke stimulâns om meganyske ( en arbeidsbesparjende) ferbetteringen troch te fieren yn de lânbou en yn ambachten as mynbou metallurgy. Hjirmei waard it paad frijmakke foar de Nije Tiid, wêryn’t de Jeropeeske (westerske) beskaving him oer de rest fan ’e wrâld útwreide. Wichtige útfinings yn de MidsieuwenFaak wurde de Midsieuwen sjoen as in perioade fan efterútgong en stagnaasje fergelike mei de Aldheid. Dit is net hielendal wier, want de Romeinen berjochten sels dat de technyske feardichheden fan de 'barbaren' op syn minst lykweardich wienen oan dy fan harsels. De Romeinen wienen folle better yn organisearjen en gearwurkjen, en de Grykske filosofy en wittenskip wienen hielendal superieur oan dy fan de barbaren. Mar wat praktyske saken as bygelyks technyske bekwamens yn metaalbewurking oangiet wienen de Germaanske ynfallers seker better as de Romeinen, wat út argeologyske fynsten ek blykt. Yn dizze perioade waarden in soad belangrike útfinings dien en al besteande útfinings ferbettere. Hjirmei waard de basis lein foar ús moderne wrâld.
Boarnen
|
This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.