|
Article on other languages:
|
Roemeenje is in lân yn East-Jeropa. De haadstêd is Bûkarest en de presidint fân de republyk is sûnt 2004 Traian Băsescu. De foarm fan it lân liket op dy fan in platfisk, mei de bek nei it westen rochte. Dit byld koe symboal stean foar de posysje fan Roemeenje yn Jeropa. Waard de haadstêd Bûkarest eartiids al lyts Parys neamd en naam Roemeenje yn de tiid fan it Sovjetregime al in apart plak yn it Eastblok yn. Hjoed de dei is Roemeenje lid fan de Jeropeeske Uny.
GeografyDe smelle stripen yn it westen en it easten binne leechlân. Yn it geografyske midden leit de heechste berch fan Roemeenje, de Moldoveanu (2,544 m), dêrboppe leit it berchgebiet fan de Karpaten. De grutste rivier fan Roemeenje is de Donau, dy't 1.075 km troch Roemeenje streamt. De Donau is foar in grut part de súdgrins fan Roemeenje. Roemeenje wurdt begrinzge troch:
SkiednisRoemeenje focht yn de Twadde Wrâldkriich oan 'e kant fan Nazi-Dútslân mei en wie de wichtichste oaljeleveransier foar de Dútsers. Under it hurde bewâld fan diktator Nicolae Ceauşescu wie Roemeenje in satellytsteat fan de Sowjetuny wilens de Kâlde Kriich. Yn 1989 waarden Ceauşescu en dy syn frou eksekutearre troch it folk dat yn ferwar tsjin it regear kaam. Yn 1992 waarden de earste frije ferkiezings holden. MuntDe muntienheid fan Roemeenje is de Leu. Op 1 july 2005 waard yn it lân in nije Leu ynfierd, dy't de muntkoade RON krige hat. Dy ferfong de âlde Leu, mei muntkoade ROL, dy't nei 31 desimber ôftanke waard om't er te fier ûntwearde wie. 10.000 ROL waarden 1 RON. DemografyEtnyske groepen neffens de folkstelling fan 2002:
Oare lytse etnyske minderheden yn Roemeenje: Albanezen, Armenen, Bulgaren, Tsjechen, Kroäten, Joaden, Griken, Serven, Slowaken, Tataren, Poalen en Italjanen. Bestjoerlike yndielingRoemeenje is yndield yn de fjouwer histoaryske regio's Transsylvaanje (op de kaart grien), Wallachije (blau), (Roemeensk) Moldaavje (read) en Dobroodzje (giel). Tagelyk is it lân yndield yn 41 saneamde judeţe (sprek út: jûdetse), in soarte fan provinsjes plus de gemeente Bucureşti (Bûkarest).
Ferneamde Roemenen
Sjoch ek |
|||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.